Yn 'e kunde komme mei in oersetburo

Wat docht in oersetburo ?

In oersetburo soarget der foar dat teksten út it Nederlânsk wei en út it Ingelsk wei fertaald wurde nei it Frysk en oarsom ek fansels. Dat wurdt op in kundige wize dien troch in betûfte oersetter.

Is sa'n oersetburo needsaaklik ?

Ja, want wannear't jo bygelyks krantlêze en de advertinsjes sjogge dy't yn it Frysk gearstald binne dan fernimme jo wol dat der hieltyd mear gebrûk makke wurdt fan ús memmetaal. Spitich is dan dat der noch tefolle taalflaters makke wurde. En krekt sa'n advertinsje dy't elkenien ûnder eagen kriget soe eins yn geef Frysk gearstald wurde moatte. Sjoch en dan komme jo by in oersetburo telâne. It is tige wichtich dat in tekst foar it doel dêr't er foar tsjinnet fan belang bliuwt. Taalkundich gebrûk komt faaks tige krekt .

Doel : tsjinstferliening foar it bedriuwslibben en foar partikulieren.

 

Wannear brûke jo de Fryske taal ?

Hjir binne wat foarbylden:

Reklame:

Jo ha in bedriuw en jo advertinsjes ferskine eins allinne yn Fryslân yn de deiblêden en yn reklamekrantsjes De measte lêzers binne Friezen. Reden om it yn berie te nimmen de advertinsje ris yn it Frysk gear te stallen en sa pleatse te litten. Dêr sille grif reaksjes op komme en dat is dochs it doel.

Folders:

Jo wolle in folder útjaan mei in beskriuwing oer de minykemping dy't jo ferline jier iepene ha. In mooglikheid hjirby is om dat twatalich te dwaan. Foar de minsken út oare provinsjes komt dit wol nijsgjirrich oer. Ek de Friezen om utens, dy't hjir dochs eltse simmer wer komme, sille in gefoel fan thúskommen ha wannear't hja sa'n Fryske tekst ûnder eagen krije.

Literatuer:

Sil mear yn de rjochting fan al earder útbrochte ferhalen, romans of bygelyks berneboeken socht wurde moatte.

Menu's:

Jo binne yn it besit fan in ytgelegenheid en ha Fryske menu's op it programma. Tenei kinne jo se hielendal yn it Frysk op de menukaart sette. De smaak sil der net oars om wurde mar it eaget wol aardich.

Doarpskranten:

In stikje skreaun foar it doarpsblêd en der net wis fan oft it wol geef genôch is ? Eefkes in e-mail en jo krije it daliks werom, alhiel korrizjearre.

Foardrachten:

Wat is no aardiger as de dingen dêr't jo mei dwaande binne, yn jo eigen taal sa as jo se betocht ha, op papier te sjen, en dan te sizzen, ja sa komt it oer. Yn it foarste plak is soks fan grut belang wannear't jo earne jo gefoelens by nei foaren komme litte wolle. Soks is faaks al dreech genôch en as dat dan ek noch yn in "frjemde taal" barre moat dan is de ein fier te sykjen fansels.

Parseberjochten:

Ek dy kriget it grutste part fan Fryslân ûnder eagen. Moat it berjocht yn it Frysk ? Dan daliks mar geef Frysk !

Kaarten:

Hjirmei wurdt doeld op bygelyks; berte-, trou-, rou-, dielnimmingskaarten. In stikje tekst foar op in kaart nei in sike of ien dy't slagge is. Tenei kinne jo eigen wurden brûkt wurde en hoecht der gjin flater mear yn de tekst te sitten.

Advertinsjes:

Famyljeberjochten yn it Frysk. It wurdt hieltyd faker dien. It komt ek wat eigener oer, teminsten as jo altyd wend west ha om Frysk te praten.

Wa docht dit en wêrom ?

Dit wurdt dien troch Eelkje Kootstra, dy't harsels talein hat op in stúdzje fan de Fryske taal en dêrtroch no in oar ta stipe wêze kin by it aktyf brûken fan de Fryske taal.

 

Wifkje net en nim kontakt op foar flaterfrij Frysk.

Reaksjes ?

Fragen ?

Alles is tige wolkom !

Eelkje Kootstra

Tillewei 3

9258 GN Jistrum

Til. thús: 0512-332692
Til. mobyl: 06-25275548